Protest tsjin oanlis haven

Tsjinstanners fan de oanlis fan in nije haven by de Driewegsluis yn Nijetrine stappe nei de rjochter. Sy wolle de komst fan de nije haven keare om't dy fiersten te grut wurdt.
De gemeente seit dat it om in lytse útwreiding giet, mar neffens de aksjefierders sil de nije haven ek de hjoeddeiske fergese lisplakken oernimme. De gemeente hie dêrom in ûndersyk ynstelle moatten nei de gefolgen foar it miljeu.