Mingde reaksjes topkonferinsje

21 mrt 2012 - 07:51

Der binne mingde reaksjes op it plan fan boargemaster Crone om in topkonferinsje oer de weryndieling te hâlden. It CDA yn Littenseradiel sjocht sa'n konferinsje wol sitten, mar de kollega's yn Ljouwerteradiel wolle earst har eigen rinnende ûndersiken fierder útwurkje.

Tiisdei kaam Crone mei it idee fan in topkonferinsje om de muoisume weryndieling yn Fryslân op gong te krijen. Hy reagearre dêrmei op de kar fan Littenseradiel om as earste te praten mei Ljouwert oer gearwurking of fúzje.

Op de topkonferinsje soe ek de weryndieling yn Ljouwerteradiel en de rest fan Noardwest Fryslân bepraten wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)