Jeugd moat lang wachtsje op help

09 nov 2006 - 17:22

It oanbod oan jeugdsoarch yn Fryslân wie yn 2005 net goed ôfstimd op de fraach. Dat docht bliken út ûndersyk. Jongeren yn Fryslân moatte te lang wachtsje op helpferliening. Ut it ûndersyk docht bliken dat de provinsje de achterstân oan it ynrinnen is.

De achterstân is in gefolch fan problemen tusken provinsje en Bureau Jeugdsoarch yn 2004. Doe wie der krityk op it oanstjoeren fanút de provinsje rjochting de jeugdsoarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)