Klacht oer kwaliteit iis Thialf

09 nov 2006 - 15:00

Ferskate reedrydcoaches binne min te sprekken oer de kwaliteit fan it iis yn Thialf. Op It Hearrenfean binne dit wykein de wrâldbekerwedstriden. By de training sloech it iis neffens coach Orie al nei in kertier wyt út.

De coaches sizze dat de skuld net by iismaster Beert Boomsma leit. Yn tsjinstelling ta banen yn it bûtenlân hat Thialf gjin droech-ynstallaasje. Sa'n apparaat kostet fjouwer ton en regelet de luchtfochtichheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)