Tineke Huizinga op TomTom

09 nov 2006 - 12:41

Tineke Huizinga fan de ChristenUnie sprekt rûtes yn op de TomTom. In kompjûterblêd hat ferskate politisy frege har stim te lienen foar it navigaasjesysteem.

Neist it Fryske Twadde-Keamerlid binne dat Jan Marijnissen (SP), Hilbrand Nawijn (Partij voor Nederland) en Minister Karla Peijs fan ferkear. De stimmen fan de politisy binne fan freed ôf te downloaden fan de webside fan Computer Idee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)