The Queen iepener Filmfestival

08 nov 2006 - 17:12

De hiele woansdei is der noch hurd wurke om alles foar inoar te krijen, want woansdeitejûn set it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert út ein. Op it festival binne mear as sechtich lange films te sjen en ek noch in hiel soad koarte.

Foar it earst binne der ek op Skylge films te sjen. Oerol en it Noardlik Filmfestival ha dêrfoar gearwurke. It Noardlik Filmfestival wurdt iepene mei de film The Queen van Stephen Frears.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)