Liet Lavlut op Nijjiersdei op TV

Liet Lavlut komt op Nijiersdei op de lanlike televyzje. It sjongfestival foar minderheden wurdt om alve oere op Nederlân 2 útstjoerd. Aldjiersdei wurdt in dokumintêre oer de band Van Wieren útstjoerd, dy't foar Fryslân meidie.
Oer de grins is der ek belangstelling foar Liet Lavlut. Mei de Kryst komt de finale yn Sweden op 'e televyzje. BBC Skotlân stjoert op tongersdei 9 novimber al in kompilaasje út.