Nij trajekt yn Wâldwei yn gebrûk

© Omrop Fryslân
It ferkear op de Wâldwei rydt fan woansdei ôf op it trajekt Langdiel- Fonejachtbrêge oer de nije noardbaan. Hjirmei is de ferdûbeling fan de N31 wer in stikje tichterby kommen.
Tusken 10.00 en 13.00 oere waard it ferkear nei it nije stik dyk begelaat. Dat ferrûn sûnder problemen. No't it ferkear it nije stik dyk yn gebrûk naam hat, kin it âlde stik sloopt wurde. It wurk oan de Wâldwei moat úteinlik begjin 2008 klear wêze.