SP-kampanje yn Ljouwert

SP-lieder Jan Marijnissen hat woansdei yn Fryslân syn soargen útsprutsen oer de posysje fan syn partij hjir. De SP kin yn Fryslân mar net in foet oan de grûn krije. Lanlik giet it krekt hiel goed mei de partij, it is de fluchst groeiende partij.
Foar de ferkiezings fan 22 novimber stiet de partij op winst yn de peilings. Marijnissen wie yn Ljouwert mei syn Soep Express. It útdielen fan sop is ûnderdiel fan de partijkampanje.