Massing nei 3e ronde Dutch Open

08 nov 2006 - 15:09
Foto: Omrop Fryslân

it giet goed mei badmintonner Rune Massing op it Dutch Open. De âld-ynwenner fan Aldeleie hat mei in oerwinning op de Switser Christian Boesiger de tredde ronde berikt. Hy wûn mei 2-1 fan de Switser.

Yn de tredde ronde moat er it opnimme tsjin in namgenoat, nammentlik Rune Ulsing út Denemarken. Dy ronde is tongersdei om 13.45 oere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)