Soad wurk foar gersdroegerijen

08 nov 2006 - 13:30

De gersdroegerijen ha noch wol oant de ein fan de moanne wurk om it hiele oanbod oan gers te ferwurkjen. Oare jierren is ein oktober al it wurk al dien. Mar no skeakelje noch alle dagen boeren de gersdroegerij yn om it lêste gers fan it lân te heljen.

Safolle gers is net normaal foar dizze tiid fan it jier, sa seit Jan Wiebe Smilde fan de gersdroegerij yn Easterwâlde, ien fan de lêste twa dy't noch oer binne yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)