IM wol Hells Angels ferbiede

It Iepenbier Ministearje hat by de rjochtbank yn Ljouwert it fersyk dien om de ôfdieling fan de Hells Angels yn Harns te ferbieden. Justysje fynt dat de Hells Angels har dwaande hâlde mei kriminele aktiviteiten en dêrom ferbean wurde moatte.
By in grutte lanlike aksje hat justysje ferline jier fiif Angels út Harns oppakt. Justysje wol yn hiel Nederlân de Hells Angels ferbiede.