Famke (12) oanriden yn Dokkum

08 nov 2006 - 11:26

In famke (12) út Hantumhuzen is tiisdeitemoarn op de Hantumerwei yn Dokkum ferwûne rekke oan in foet. It famke stuts de dyk oer en seach dêrby in auto oer de holle. In oanriding wie it gefolch en it famke foel.

De automobilist yn in lytse grize auto skold it famke út en ried troch. Se hat har fierder net bekommere oer it slachtoffer. De plysje is op syk nei de bestjoerster fan de auto en minsken dy't it ûngelok sjoen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)