Provinsje siket jonge amtners

De provinsje lûkt in lytse twa miljoen euro út om 20 jonge talintfolle amtners te finen. Mei in gemiddelde leeftiid fan 51 jier hat de provinsje de âldste amtners fan it lân. Om de fergrizing tsjin te gean wurdt dus aktyf socht nei jonge minsken dy't by de provinsje wurkje wolle. Se wurde twa jier lang oplaat om it wurk fan amtners mei in soad ûnderfining oernimme te kinnen. Neffens de provinsje is dit de iennichste metoade om talintfolle studinten te ynteressearjen foar it amtnersfak.
It binne foaral de technyske beroppen dêr't in soad ferlet is fan nij personiel. Fierder siket de provinsje in jurist, in konstrukteur, in ekolooch en fiif algemiene projektleiders.