Opknapbeurt bedriuweterrein West

De opknapbeurt fan it fertutearze bedriuweterrein West yn Ljouwert giet dizze wike fan start. Alle strjitten wurde asfaltearre, it âlde spoar dat troch it terrein rint ferdwynt, de riolearring wurdt fernijd en de Swettetunnel wurde djipper makke.
Der is oardel jier tarieding oan foarôf gien, wêrby't mei hast alle ûndernimmers praat is oer har winsken. De hope is dat ek ûndernimmers no it uterlik fan har bedriuw oanpakke sille.