Neier ûndersyk winkels Bilgaard

Der komt noch in neier ûndersyk nei de takomst fan winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert. Dat hat de feriening fan eigners tiisdeitejûn besletten.
Der is ferskil fan miening tusken de ûndernimmers oan de súdkant en dy oan de noardkant oer it wer opbouwen of nijbou. It winkelsintrum yn Ljouwert is ôfbaarnd yn de nacht fan 23 op 24 augustus. Foar 15 febrewaris 2007 moat der in definityf bouplan lizze by de gemeente Ljouwert.