Citybibel foar Hearrenfeansters

© Omrop Fryslân
Spesjaal foar ynwenners fan it Hearrenfean ferskynt ein novimber in fergese bibel mei foto's fan en ynformaasje oer harren wenplak.
Seis tsjerklike gemeenten op It Hearrenfean hawwe it inisjatyf nommen foar dizze saneamde citybibel. Yn de bibel stiet it Nije Testamint beskreaun. Alle ynwenners krije op 24 novimber in brief thús mei in der yn in útnoeging om de bibel fergees op te heljen.