Fryske Gea past Noarderleech oan

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea nimt maatregels om herhelling fan it hynstedrama yn it Noarderleech foar te kommen. It Gea fielt him net skuldich oan it drama, sei foarsitter Ultsje Hosper. Op it bûtendykse lân ferdronken ferline wike tweintich hynders by heech wetter.
Mooglik komme der mear hege dobben by. Der binne ek plannen om de dobben mei-inoar te ferbinen. Der rint noch in AID-ûndersyk tsjin it Gea en boer Lootsma fan wa't de hynders binne.