Lessen Friesland College oanpast

It Friesland College komt diels temjitte oan 'e krityk op it ûnderwiissysteem fan de skoalle. Ferline wike blokkearren learlingen op It Hearrenfean út protest tsjin de wize fan lesjaan de yngong. Boppedat krige de skoalle fan in tal âlden in swartboek mei klachten.
Hoewol't neffens de direksje net alle krityk terjochte is, ynvestearret de direksje no 1,5 miljoen euro yn ferbetterings.