Lauwersmarhynders nei Ingelân

07 nov 2006 - 11:51
Foto: Omrop Fryslân

Steatsboskbehear Lauwersmar ferkeapet trettjin hynders oan de Wildwood_Trust yn Ingelân. Se komme yn Ingelân yn in park yn ´e buert fan Kent te stean. Meiwurkers fan Steatsboskbehear binne der wiis mei dat se der op dizze wize oan bydrage dat de soart yn stân hâlden wurde kin.

De organisaasje hat de hynders sûnt begjin jierren njoggentich omrinnen yn it Lauwersmargebiet. De hynders gean op 28 novimber op transport.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)