CU: benaud foar natoerprojekt

De ChristenUnie yn provinsjale steaten is bang dat it natoereksperimint yn Gaasterlân der ûnderstrûpt troch de besunigings op natoerbelied. Troch de ûndertekening fan it natoerakkoart wurdt allinne noch jild stutsen yn de ekologyske haadstruktuer. It natoereksperimint yn Gaasterlân is just ta stân kaam út protest tsjin de EHS-plannen. Boeren wiene lilk dat der in natoersône oer harren lân ynpland wie en namen doe sels it natoerbehear oer. De ChristenUnie sit der oer yn dat de eksperimintele status ferfalt en der ek gjin jild mear foar komt.