LTO pleitet foar faksinaasje

© Omrop Fryslân
Boere-organisaasje LTO sil tiisdei yn Brussel oantrune op it brûken fan faksinaasjes by in folgjende grutte bistesykte. Yn Brussel wurdt in ynternasjonale konferinsje holden.
LTO is al jierren in foarstanner fan faksinaasjes, mar yn Europa is der noch in soad krityk. Sa soene produkten fan inte bisten net feilich wêze. Dêrom waard by in grutte útbraak yn it ferline meastentiids keazen foar it romjen fan bisten.