Grien ljocht plan Twibaksmerk

06 nov 2006 - 22:52

De gemeenteried fan Ljouwert hat moandei mei grutte mearderheid ynstimd mei it masterplan foar de Twibaksmerk en omjouwing. Dêrmei kinne de steaten in beslút nimme oer de plannen foar in nij Fries Museum.

De Steaten hiene de gemeente Ljouwert frege om in dúdlike takomstfyzje foar de hjoeddeiske lokaasje fan it museum, mocht it ta in ferhûzing komme. Mei it oannimmen fan it masterplan is oan dy eask no foldien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)