Mear fragen om help softdrugs

06 nov 2006 - 22:37

It tal Friezen dat ferslaafd rekket oan softdrugs en dêr help foar freget, is de ôfrûne jierren omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan de Verslavingszorg, de GGD en de plysje. Yn 2005 sochten hast twa kear safolle minsken help as yn 2003. It giet dan om minsken dy't allinne kannabis brûke.

Benammen yn Ljouwert en Smellingerlân is it tal omheech gien. Yn totaal giet it yn Fryslân om goed 130 helpfragen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)