Achtste winst Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean wûn moandeitejûn op Sportpark Skoatterwâld mei 2-0 fan Jong RKC. De thúsploech wie sterker, mar nei in oere makke Ken Ilso Larsen pas it earste doelpunt. Oguzhan Türk joech de fertsjinne oerwinning krekt foar tiid wat mear glâns.
Jong Hearrenfean is fierwei de nûmer ien yn 'e beloftekompetysje mei 24 punten út 9 wedstriden. Jong FC Utrecht, de nûmer twa, hat sân punten minder.