Ynrinhûs foar kankerpasjinten

Fryslân moat in ynrinhûs krije foar kankerpasjinten. Dat soe, nei foarbyld fan seis oare sokke hûzen yn Nederlân, in Toon Hermanshûs wurde moatte. De kabaretier hat syn frou ferlern oan kanker.
It inisjatyf komt fan kankerpasjinte Wilma Kamphorst fan Raerd. Der is al in stifting mei in bestjoer. Ein novimber krije fiifhûndert Fryske kankerpasjinten in enkête. Der kinne se op oanjaan wat se wolle.