Keunstmoanne stiet faai

06 nov 2006 - 13:56

It is noch mar de fraach oft de Keunstmoanne op It Amelân in ferfolch krijt. Dat seit Pieter Smit fan 'e organisaasje. It evenemint wurdt dizze moanne foar de tsiende kear hâlden. Der moat lykwols mear jild komme.

Oant no ta fersette frijwilligers in soad wurk foar de Keunstmoanne, mar it groeit harren betiden boppe de holle, fernimt Smit. Foar beropskrêften besiket er 30.000 euro ekstra los te krijen by sponsors en subsydzjejouwers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)