Soad skea troch brân De Lemmer
In brân hat op 'e Lemmer foar skea soarge oan fjouwer wenten oan de Langestreek. De brân ûntstie yn de skoarstien fan ien fan de fjouwer wenten en fersprate him tusken de plafonds troch nei de oare wenten.
Troch de brân en it bluswurk rûnen de fjouwer wenten safolle skea op dat de bewenners op oare plakken ûnderbrocht wurde moasten.