Hearrenfean wint fan Sparta

05 nov 2006 - 16:37

SC Hearrenfean hat sneintemiddei yn it Abe Lenstrastadion wûn fan Sparta út Rotterdam. It waard 2-0 yn de tsiende kompetysjewedstriid. Nei trije kear ferlies pakten de Feansters yn in net al te bêste wedstriid de folle winst.

Lasse Nilsson soarge yn de 29e minút fan de earste helte foar in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte soarge Afonso Alves foar de 2-0 oerwinning foar de Feansters. Foar Alves is it syn 8e doelpunt fan dizze kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)