Brân yn appartemint Ljouwert

05 nov 2006 - 15:23

Der hat sneontemiddei brân west yn in appartemint oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. De brân wie yn in wenning op de earste etaazje en wie ûntstien yn de keuken. De reek luts fia de galerij omheech nei de boppelizzende etaazjes.

Alle bewenners binne warskôge en ha op tiid har wenning ferlitte kinnen. De bewenster(51) fan it appartemint dêr't de brân ûntstie, wie net goed wurden en is mei in te heech koalmonokside- gehalte oerbrocht nei it MCL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)