Postma wint Lemelerbergloop

05 nov 2006 - 13:32
Foto: Omrop Fryslân

Stefan Postma fan De Blesse is sneintemiddei winner wurden fan de Lemelerbergloop, in rin oer 5000 meter. Postma kaam oer de einstreek yn in tiid fan 19 minuten en seis sekonden.

Hy wûn de einsprint fan Caimin Stevens út Enschede, dy't ien sekonde letter oer de streek kaam. Ruad Blikman fan Hellendoorn waard tredde op 27 sekonden fan Stefan Postma.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)