Analoge útstjoering hâldt op

Yn de nacht fan 10 op 11 desimber is it definityf dien mei de analoge eterútstjoerings fan lanlike en regionale publike televyzjestjoerders.
Foar 9 regionale omroppen, wêrûnder Omrop Fryslân, is dat reden om op free-to-air útstjoering fia de ASTRA- satellyt oer te gean, foar televyzje likegoed as radio. Free-to-air betsjut fergees en net-kodearre. In grut part fan de húshâldens yn 'bûtengebieten' beskikt al oer in ASTRA-satellytset.