Hynders lûke soad minsken

04 nov 2006 - 17:24

In soad minsken ha sneon by de Marrumer seedyk west om efkes by de wrâldferneamde hynders te sjen. De rêden hynders binne sneon mei hea byfuorre. Moandei geane se nei in oar plak ta. Se wurde nei ferskate stâlen ta brocht.

Om de hynders te fangen en yn groepkes te ferdielen binne sneon al tal fan spesjale hokken boud. De bisten binne bedoeld foar de hannel en in part sil úteinlik slachte wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)