Halsema op besite yn Ljouwert

04 nov 2006 - 15:55

Femke Halsema fan GroenLinks hie sneon Fryslân op de aginda fan har ferkiezingstoernee stean. De listlûker joech op it Waachplein yn Ljouwert antwurd op fragen fan foarbygongers.

Halsema priizge Fryslân en de Friezen foaral om har tolerânsje, sosjale hâlding en griene romte. Fierders pleitsje Halsema en har partij foar stimulearring fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)