Skuorren útbaarnd yn Winaam
By in brân yn Winaam binne freedtemiddei de skuorren fan twa wenten folslein útbaarnd. De huzen sels rûnen fikse reek- en wetterskea op.
In buorman ûntdúts it fjoer en warskôge de brânwacht. Dy koe de brân fan in heechwurker ôf blusse. Ien fan de bewenners hie fergetten in frituerpanne út te setten.