Ferwûnen by ûngelok

04 nov 2006 - 14:01

Twa minsken binne freed ferwûne rekke by in oanriding by Makkum. In man út Wytmarsum gong yn in bocht rjochttroch en kaam op de ferkearde kant fan de dyk. Dêr botste er frontaal tsjin in oare auto mei dêryn in frou út Makkum.

Beide bestjoerders rekken ferwûne. De brânwacht en ambulânsepersoniel moasten de frou út har auto helje. De slachtoffers waarden mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De dyk hat goed twa oeren ôfsletten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)