Fakânsjehûske ôfbaarnd

© Omrop Fryslân
By Buren op it Amelân is sneontemoarn betiid in fakansjehûske mei in reiten tek yn flammen opgongen. De bewenner hie it fjoer sels ûntdutsen yn ien fan de sliepkeamers boppe.
De man waard wekker fan it leven dat de brân makke. Hy koe de oare minsken yn it húske warskôgje. Twa folwoeksenen en trije bern koene op tiid út it húske komme, mar it húske is hielendal útbaarnd. De oarsaak fan de brân is net bekend.