KNRM biedt wyn oan

04 nov 2006 - 12:59

Yn Lauwerseach is sneon in nije wynsoart presintearre, dy't tenei ferkocht wurdt troch de rêdingsmaatskippij KNRM. De earste flesse fan de wyn is stikken slein by de doop fan rêdingsboat Atlantic 75.

De KNRM hopet mei de wyn jild te fertsjinjen foar it rêdingswurk. Fan elke flesse wyn giet 75 sint nei it goeie doel. De wyn wurdt te keap oanbean yn de rêdingswinkel op ynternet en yn it blêd foar de leden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)