Coaster yn Harns is los

04 nov 2006 - 10:15

Yn Harns is sneon om acht oere de coaster Tsjoch fan de seedyk ôflutsen. It skip yn oanbou wie woansdei mei de stoarm losslein fan de steger en sa op de dyk bedarre. It slagge dêrnei hieltyd net om it skip wer los te krijen.

Sneontemoarn wie it heech wetter en koe it skip mei help fan sleepboaten fan Weismuller loslutsen wurde. De coaster is wol flink skansearre rekke by de masinekeamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)