Gjin WK foar Marrit Leenstra

20 mrt 2012 - 20:09

Foar Marrit Leenstra sit ynienen it reedrydseizoen derop en dat wylst tongersdei yn Thialf op It Hearrenfean it wrâldkampioenskip ôfstannen begjint. By in sprongtraining gong de ynwenster fan Wikel ferline wike troch har ankel en dy blessuere is noch net oer. Sadwaande gjin 1000 en 1500 meter en ek gjin ploege-achterfolging foar in teloarstelde Marrit Leenstra.

Dit seizoen hie Leenstra al earder maleur doe't se siik waard by it wrâldkampioenskip allround yn Moskou. Ferline jier by it WK ôfstannen yn Inzell koe se troch sykte net meidwaan op de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)