Boubedriuw Procee fallyt

© Omrop Fryslân
Bou- en oannimmingsbedriuw Procee yn Sumar is fallyt. Troch tsjinfallende resultaten by in tal opdrachten koe it bedriuw net langer de rekkens betelje. By it bedriuw dat al goed 70 jier bestiet, wurkje op it stuit 7 minsken.
Freedtemiddei sil kurator Gustenhoven fan it fallite bedriuw mei de wurknimmers prate oer de takomst fan it bedriuw. Ynset wurdt in mooglike trochstart. Der soene al inkelde belangstellenden wêze.