Sloop hierwenten yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn de Fonteinlanden yn Dokkum wurde 92 hierwenten sloopt. Der moatte 72 nije wenten foar yn it plak komme. De helte dêrfan sil ferkocht wurde, de oare helte wurdt ferhierd.
De sloop en bou fan de wenten meitsje ûnderdiel út fan in herstrukturearing fan de hierwenten yn Dongeradiel. Wenningboukorporaasje Dongeradiel is no dwaande om foar de bewenners fan de wenten in nij ûnderdak te finen.