Bromfytskontrôle yn Drachten

03 nov 2006 - 10:13

By in plysjekontrôle yn Drachten binne 23 bromfytsers kontrolearre. 19 fan har krigen in bekeuring. Der binne bekeurings útdield foar tefolle fermogen, stikkene remmen en glêde bannen.

Guon koene gjin sertifikaat of kentekenbewiis toane. Ien fan de bromfytsers hat in proses-ferbaal krigen omdat er tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)