Top 25 bedriuwen Noard-Nederlân
It Ljouwerter kommunikaasjebedriuw Noordtij komt mei in top 25 fan Noard-Nederlânske bedriuwen. Noordtij wol mei de yndeks dúdlik meitsje dat der yn it Noarden in soad dien wurdt oan duorsum ûndernimmen.
Ek moat it de bedriuwen dy't meidogge, stimulearje mear te dwaan oan har imago. De earste top 25 ferskynt yn de hjerst fan takom jier.