Yllegale Turken oanhâlden

© Omrop Fryslân
By in kontrôle op de A6 binne tongersdei sân yllegale Turken oanhâlden. De frjemdlingeplysje, de dûane, in miljeuteam en de ferkearsynspeksje troffen de manlju yn in auto oan by in mienskiplike kontrôle. De manlju sitte noch fêst.
Der waarden 93 auto's kontrolearre en der waarden 26 bekeurings útdield, foar ûnder oare it net hawwen fan in eurovignet, oerbelading en it net goed ferfieren fan gefaarlik ôffal.