Parkearprobleem nijbou Cambuur

© Omrop Fryslân
De bewenners fan de buerten om it Cambuurstadion yn Ljouwert hinne binne benaud dat de parkearproblemen troch de nijbou-plannen by it stadion allinnich noch mar grutter wurde. Dat die tongersdei bliken by in ynformaasjemerk.
Parkeare is no al in grut probleem om it stadion hinne. Mei de nije plannen wurdt dit der neffens de bewenners net better op. Op it terrein achter it stadion komme 300 wenten.