Wytboek foar Friesland College

© Omrop Fryslân
Alders fan learlingen fan it Friesland College op it Hearrenfean hawwe tongersdei in saneamd wytboek oanbean oan de direksje fan de skoalle. It is bedoeld as positive oanset foar ferbettering fan de problemen.
De skoalle kaam yn it nijs oer ûnder oaren hege lesútfal en de minne begelieding. Learlingen fan de ôfdieling hannel en administraasje fierden tiisdei aksje. Yn it wytboek binne 15 ferbetterpunten opnommen.