SC Hearrenfean ferliest mei 0-2

02 nov 2006 - 20:44

SC Hearrenfean hat op eigen fjild de twadde wedstriid yn de groepsfaze fan de UEFA-beker mei 0-2 ferlern fan it Deenske Odense BK. De Feansters kamen yn de lêste minút fan de earste helte op efterstân troch in goal fan Rajko Lekic. Yn de 59e minút makke hy ek de 0-2.

SC Hearrenfean krige in pear goede kânsen mar koe dy net ôfmeitsje. De earste wedstriid fan de Feansters eindige yn 0-0, út tsjin Osasuna.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)