Boerecampings moatte grutter

02 nov 2006 - 17:20

Boerecampings yn Wymbritsteradiel moatte grutter wurde kinne, fine B en W yn 'e gemeente. De boeren hawwe de campings nedich om ekstra jild te fertsjinjen. Fan takom jier ôf meie gemeenten sels it belied foar rekreaasje bepale.

B en W fine dat fyftjin boerecampings útgroeie moatte kinne ta fjirtich plakken. It giet om campings mei in limyt fan 25 plakken. De gemeenteried moat der noch wol oer beslute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)