Hynders noch ien nacht bûtendyks

02 nov 2006 - 17:12

De 80 hynders op it Noarderleech by Marrum moasten dêr yn 'e nacht fan tongersdei op freed ek bliuwe. De hynders binne ynsletten troch seewetter dat seker oardel meter djip is. De hynders hawwe tongersdei genôch iten en drinken krigen. De hynders troch it djippe wetter nei de seedyk helje wie tongersdei gefaarliker as se op itselde plak stean litte.

Freed om 10 oere wurdt besletten hoe't it fierder moat mei de hynders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)